Lintsje foar Jouster dirigint

28 okt 2007 - 15:02

De Jouster dirigint Bernhard van der Wal (64) is beneamd ta Lid in de Orde van Oranje Nassau. De ûnderskieding waard Van der Wal sneon opspjelde by in konsert fan de Jouster Fanfare. By dat konsert waard fierd dat Van der Wal al fjirtich jier dirigint fan de muzykferiening is.

De Jouster Fanfare spilet sûnt 1988 op it heechste lanlik nivo. De feriening hat sa'n 60 leden. Ek is der in jeugd- en learlingenorkest mei sa'n 30 leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)