Gouden medalje Simon Kuipers

Simon Kuipers (foto Martin de Jong)
Simon Kuipers fan it Hearrenfean hat by it NK ôfstannen op Thialf ek by de 1.500 meter in gouden medalje helle. Earder wie DSB-rider Kuipers ek al de sterkste op de 1.000 meter. Hy mei no by beide ôfstannen meidwaan oan de Worldcup.
Kuipers ried op de 1.500 meter in tiid fan 1.45,80. Erben Wennemars kaam as twadde oer de streek yn 1.46,98, it tredde plak wie foar Sven Kramer mei in tiid fan 1.47,31.