Ferkearsles fan de ANWB

28 okt 2007 - 12:59

Learlingen fan basisskoalle De Bolder yn Drachten krije meikoarten ferkearsles fan de ANWB. De organisaasje hat it programma 'Streetwise' betocht, dat bern better omgean leart mei ferkear.

Sa krije de learlingen fan De Bolder les yn feilich oerstekke en fytse en leare se hoelang in auto oer it remjen docht. De lessen wurde jûn yn de gymnastykseal fan de skoalle mar ek op strjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)