Winst foar sc Hearrenfean

27 okt 2007 - 21:27

Sc Hearrenfean hat sneontejûn de útwedstriid tsjin VVV Venlo mei 4-0 wûn. Al yn de tredde minút kamen de Feansters op foarsprong troch in goal fan Bak Nielsen. Njoggen minuten letter ferdûbele Afonso Alves de skoare. De Braziliaan makke yn de twadde helte ek de 3-0.

De Poal Matusiak bepaalde yn de 86ste minút mei syn earste kompetysjegoal foar Hearrenfean de einstân op 4-0. Alves is no topskoarer fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)