Frysk maraton súkses

27 okt 2007 - 20:57

De maraton foar de KNSB beker hat sneon twa Fryske winners opsmiten. By de manlju gie de oerwinning nei Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap. Yn de massaspurt kaam hy as earste oer de streek foar Sjoerd Huisman en Bob de Vries. It wie foar Stroetinga de twadde oerwinning fan dit seizoen.

By de froulju wûn Elma de Vries fan De Haule. Ek hjir einige de maraton yn in massasprint. Maria Sterk fan Hallum waard twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)