Jonge oerfallen yn Drachten

27 okt 2007 - 14:54

In jonge fan 18 jier fan Drachtster Kompenije is yn de nacht nei sneon troch fiif jonges oerfallen. It slachtoffer hie yn Drachten op stap west en wie op 'e fyts ûnderweis nei hûs. Yn de Torenstrjitte waard er oansprutsen troch de fiif jonges.

It slachtoffer krige klappen mei in bromfytshelm. Ek twa oare jonges fan it groepke begûnen him te slaan. Se pakten de telefoan en MP3-spiler fan him ôf. Dêrnei naaiden se út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)