Oppakt foar bedriging

27 okt 2007 - 14:50

De plysje hat freedtemiddei in ynwenner (19) fan It Hearrenfean oanholden foar bedriging. Hy hie yn it sintrum rúzje socht mei in groepke jongeren.

De fertochte soe se mei in fjoerwapen bedrige ha. Der waard ek slein. Mei help fan omstanners koenen de jonges ûntkomme. De Feanster naaide dêrnei út. Hy waard eefkes letter yn in wenning oppakt. De man sit noch fêst op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)