Ynspeksje Frysk op skoalle

27 okt 2007 - 14:00

Minister Plasterk fan Underwiis sil basisskoallen dy't net genôch oan it Frysk dogge, dêrop oansprekke. De minister seit dat yn in dokumintêre dy't Omrop Fryslân snein útstjoerd oer hûndert jier Frysk yn it ûnderwiis.

Yn de wet is fêstlein hoefolle lestiid basisskoallen besteegje moatte oan de Fryske taal. Mar ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje toant oan dat seis persint fan de basisskoallen har hjir net oan hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)