Man stutsen mei glês op Skylge

27 okt 2007 - 13:50

In ynwenner fan Formearum op Skylge is yn de nacht fan freed op sneon op it eilân mei in glês yn de hals stutsen. Dat barde yn in hoarekagelegenheid oan de Doarpsstrjitte yn Hoarne.

De dieder is in 29-jierrige ynwenner fan Harns. Hy is oppakt troch de plysje en wurdt fertocht fan swiere mishanneling. It slachtoffer is yn de nacht oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)