Tsjoksnaffeldûker op Flylân

27 okt 2007 - 09:10

Op Flylân is freedtemiddei de tsjoksnaffeldûker (in 'dikbekfuut') sjoen. It giet om in bysûndere waarnimming, omdat de fûgel net faak yn ús lân foarkomt. De lêste kear wie tsien jier lyn. De fûgel waard sjoen yn de jachthaven fan it eilân.

De tsjoksnaffeldûker komt gewoanwei yn Amearika foar. It wie freed de tredde kear dat de fûgel yn Nederlân sjoen waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)