Kabaretpriis foar Ronald Smink

27 okt 2007 - 08:18

Ronald Smink fan De Jouwer hat it Studinten Kabaret Festival yn Grins wûn. Hy wie sawol neffens it publyk as de sjuery de bêste kandidaat. Dy sjuery wie benammen te sprekken oer it fermogen fan Smink om sûnder muoite oer te skeakeljen fan sin nei ûnsin.

Ronald Smink die mei oan it festival mei syn show 'Bor'. Mei dat programma sil er sneon ek optrede op it Kabaret-bal, dêr't it Grinzer festival mei ôfsletten wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)