Sven Kramer wint 5 kilometer

Sven Kramer op de 5000 meter yn Thialf (foto: Martin de Jong)
Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat hat freedtejûn de fiif kilometer wûn by de Nederlânske kampioenskippen ôfstannen. De 21-jierrige Kramer joech yn Thialf de konkurrinsje gjin inkele kâns. Mei in tiid fan 6.24,51 liet er syn TVM-ploechgenoaten Carl Verheijen en Wouter Olde Heuvel achter him.
Op de 500 meter wie der gjin Frysk súkses. By de manlju wûn Jan Smeekens, by de froulju gie de titel nei Annette Gerritsen.