Hantekenaksje foar sikehûs

© Omrop Fryslân
De gemeenterie fan Harns begjint in hantekenaksje tsjin de plannen fan de direksje fan it sikehûs yn de stêd. Dy wol de operaasje-ôfdieling en de deibehanneling fan it sikehûs begjin takom jier slute.
De riedsleden sille meikoarten de wiken fan Harns yn om hantekeningen op te heljen. Dy wurde letter oanbean oan de direksje fan it sikehûs. Boargemaster Scheffer set moandei as earste syn hantekening.