Langer fêst foar minskehannel

26 okt 2007 - 20:56

De twa Ljouwerters dy't fertocht wurde fan minskehannel bliuwe langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De twa wurde fertocht fan belutsenheid by in ynternasjonale bende dy't hannelt yn minderjierrige asylsikers út Nigeria.

De twa waarden ôfrûne woansdei oppakt. Op oare plakken yn Nederlân waarden nochris 11 fertochten oppakt, ek sy bliuwe langer fêstsitten. Ek bûten Nederlân waarden arrestaasjes dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)