Nije boarterstún yn Dokkum

26 okt 2007 - 19:50

De buert Westerbolwurk yn Dokkum krijt in nije boarterstún. It giet om in plan fan de buertferiening, dat as winner út de bus kaam is fan in wedstryd fan de gemeente Dongeradiel en de wenningkorporaasje mei dyselde namme. De twa organisaasjes soargje no foar de útfiering fan it plan.

De wedstryd hat noch in twadde winner. It giet om wykried Fûgellân, dy't acht ekstra parkearplakken lâns De Kluut oanlizze wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)