Herre Zonderland net yn finale

© Omrop Fryslân
Herre Zonderland is der net yn slagge him te pleatsen foar de finale fan de wrâldbeker turnjen, dit wykein yn it Dútske Stuttgart. Herre eindige by de foarrondes net by de earste acht en ferspile dêrmei dielname.
Zonderland die yn Stuttgart mei oan twa ûnderdielen, de brêge en de rekstok. Op it earste ûnderdiel waard er alfde, op it twadde tolfde.