Autobrân op sneldyk Dronryp

26 okt 2007 - 19:06

Ferkear op de sneldyk by Dronryp hat freed lêst hân fan in brânende auto. De auto fan in ynwenner fan Doanjum fleach troch ûnbekende oarsaak yn 'e brân. In foarbygonger koe de brân foar it grutste diel blusse, it wurk waard ôfmakke troch de brânwacht. Om dy brânwacht de romte te jaan, waard ien fan de rydstroken tydlik ôfset.

De útbaarnde auto is ophelle troch in bergingsbedriuw, de eigner rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)