Pasjintestop driget

© Omrop Fryslân
Der binne Fryske thússoarchynstellings dy't oer twa of trije wike gjin nije pasjinten mear oannimme kinne, omdat it jild op is. Dat betsjut dat de pasjinten dan langer yn it sikehûs bliuwe moatte.
Yn Drinte is it jild no al op. Sels sikehuzen ha in opnamestop omdat alle bêden beset binne. De Fryske thússoarch kampt mei in tekoart fan 10 miljoen euro foar dit jier.