Italiaan wasket 500.000 wyt

26 okt 2007 - 16:53

In 56-jierrige Italiaan moat kommende tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert ferskine. Hy wurdt der fan fertocht in heal miljoen euro wytwasken te hawwen. Hy kocht mei it jild ûnder oare in syljacht yn Makkum. Hy betelle de boat fan rom 150.000 euro mei biljetten fan 20, 50 en 200 euro.

Neffens it iepenbier ministearje hat er dat jild fertsjinne mei kriminele aktiviteiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)