Alves wol wer topskoarer wurde

Alves sil der alles oan dwaan om wer topskoarer te wurden.
Afonso Alves wol wer topskoarer wurde fan de earedivyzje. De Braziliaanske spits fan Hearrenfean stiet op it stuit twadde op de list fan topskoarers mei 8 goals. Hy makke dy goals yn mar twa wedstriden.
Klaas-Jan Huntelaar fan Ajax stiet no noch earste mei 9 goals. As Alves dit wykein twa kear faker skoart as Huntelaar stiet de Braziliaanske ynternasjonal wer earste op de list fan topskoarers.