VVD: Gjin swevende fytsrotonde

26 okt 2007 - 14:31

De VVD wol dat boargemaster en wethâlders fan Ljouwert har plannen foar in fytsrotonde boppe it Oostergoplein ynlûke. Neffens de partij binne der betere oplossings, lykas de oanlis fan in tunnel foar fytsers.

Ek soe ûndersocht wurde moatte oft de rydbanen foar it autoferkear ferdjippe oanlein wurde kinne. In fytsrotonde sil neffens de VVD tefolle it byld bepale op it Oostergoplein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)