Cordis wurknimmers yn de kjeld

26 okt 2007 - 12:47
  • De Haagse polityk hat gjin omtinken foar Cordis
  • Ein takom jier sit Cordis net mear yn Roden.

De goed 700 wurknimmers fan Cordis yn Roden fiele har yn de steek litten troch polityk Den Haach. Der hat oant no ta noch net in Haachsk politikus west dy't him drok makket oer de takomst fan it kateterfabryk.

Ferline wike waard bekend dat Cordis ein takom jier sletten wurdt. It sluten fan it fabryk is ek in slach foar de taleveranciers fan it bedriuw. Wol bestiet der in soad belangstelling foar de meiwurkers fan Cordis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)