Nei ien oere net mear wolkom

26 okt 2007 - 10:47

De CDA-fraksje yn Snits fynt dat de hoareka minsken nei ien oere nachts net mear binnen litte moat.No mei it publyk noch oant twa oere nachts de kroech of disko yn.

De maatregel moat mei de omlizzende gemeenten ynfierd wurde, oars hat it gjin doel. Dat sei it CDA juster by de behanneling fan de hoareka-nota yn de riedskommisje. Der waard fierder dúdlik dat der yn Snits gjin ferlet is fan in mega-disko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)