Treinen stoppe ek by Thialf
De intercitytreinen tusken Ljouwert en Zwolle stoppe dit wykein ek by iisstadion Thialf. Dit wykein wurde de Nederlânske Kampioenskippen ôfstannen yn it stadion ferriden.
Dêrom stoppe fan freedtemiddei oant en mei snein in tal intercitytreinen op it spesjale stasjon fan it iisstadion.