Heal miljoen foar wiken Dokkum

26 okt 2007 - 07:03

Twa wiken yn Dokkum wurde foar mei inoar 500.000 euro opknapt. It giet om it Fûgellân en de Jantjeszeepolder. De gemeente Dongeradiel freget de wykrieden om in winskelistje.

De ôfrûne jierren binne alle doarpen yn Dongeradiel al opknapt mei jild út it doarpe- en wikefûns. No is Dokkum oan bar. Der is gjin jild om alle wiken yn de stêd oan te pakken. De gemeente hat dêrom keazen foar de twa buerten dy't it it measte nedich ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)