Boargemaster bakt se brún

26 okt 2007 - 07:00

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel hat tongersdeitenacht oan it bôle bakken west yn bakkerij Posthumus yn Wommels. Dy bestiet fyftich jier. Liemburg mocht sels witte wat foar yngrediïnten der yn de bôle kamen. Se keas foar sinaasapel en sûkelade.

De bôlen binne freed en sneon te keap yn Wommels. De opbringst giet nei de Spulwike fan it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)