Oplossings foar Bûtenfjild

It Bûtenfjild tusken Readtsjerk, Broeksterwâlde en Feanwâlden.
Der binne fjouwer oplossings betocht om de miljeuproblemen fan de âlde stoartplakken yn it Bûtenfjild yn de stringen te krijen. De stoarten lizze tusken Readtsjerk, Feanwâlden en Broeksterwâlde.
De meast simpele oplossing is in deklaach modder fan goed in heale meter. Ek it pleatsen fan in betonnen damwand is in opsje. By de meast fiergeande oplossing wurdt alle grûn fuorthelle en ferbaarnd.