Waarhúskes op Ofslútdyk

25 okt 2007 - 20:53
  • In oersjoch fan hoe't de Ofslútdyk der mooglik yn de takomst útsjocht.
  • It waarhúske delslach. At it hurd reint kin je net mear nei binnen.

Der moatte fiif ekstra monuminten bykomme op de Ofslútdyk om minsken bewust te meitsje fan de klimaatsferoaring. Dat is it plan fan de Fryske arzjitekte Nynke Rixt Jukema fan Ljouwert. Se mocht yn opdracht fan de Rijksbouwmeester mei twa oare jonge arzjitekten in plan betinke foar de takomst fan de 75-jierrige dyk.

De monuminten binne waarhúskes. Elts hat in oar tema, lykas wyn of rein. Allegear binne se iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)