Gysbert Japickspriis útrikt

25 okt 2007 - 17:39

De grutste Fryske literatuerpriis, de Gysbert Japickspriis, is tongersdei yn Boalsert útrikt oan de Fryske skriuwer Josse de Haan. De 66-jierrige Fries om utens - hy wennet yn Frânsk Baskelân - krige de priis om syn fernijende wize fan skriuwen.

Josse de Haan waard benammen bekend mei de roman 'Piksjitten op Snyp'. Hy hat in bedrach fan fiiftûzen euro krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)