Van der Heide werom tsjin MVV

© Omrop Fryslân
SC Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide stiet freedtejûn tsjin MVV wer yn de basis. Hy is hielendal hersteld fan in ankelblessuere. Oft Marc Mboua spylje kin is noch net dúdlik. De Kameroenees hat lêst fan in ljiskblessuere.
Ferdinand Katipana is skorst en wurdt ferfongen troch Kasali Yinka Casal. Rick Hooijboer komt krekt werom fan in skorsing. Hy spilet ynstee fan Snitser Chris de Wagt.