Gemeenten keapje goedkeap yn

25 okt 2007 - 14:28

De seis gemeenten yn de súdwesthoeke en de gemeente Harns kinne yn de kommende fjouwer jier 30 persint besparje op har kompjûters.

Troch mei elkoar op te arbeidzjen en de opdracht Europeesk oan te besteegjen hawwe de gemeenten in hiel goedkeap kontrakt ôfslute kinnen mei in bedriuw yn Grins. It giet meiïnoar om 900 wurkplakken dêr't yn de kommende jieren in nije kompjûter foar komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)