Foppe yn byld by Ierlân

Foppe: net per definysje 'nee'
Foppe de Haan seit net per definysje nee tsjin in funksje as bûnscoach fan it Ierske alvetal. De namme fan De Haan wurdt troch de BBC neamd no't Steven Staunton dien krigen hat.
Foppe de Haan is no bûnscoach fan Jong Oranje, dêr't er yn 2008 mei nei de Olympyske Spelen yn Sina giet. Dat giet foar in baan as bûnscoach by Ierlân. Mochten de Ieren nei de Spelen noch hieltyd ynteresse hawwe, dan wol De Haan der wol oer neitinke.