Hoareka tsjin diskoferbod

Diskoferbod jonger as 16 gjin goed plan, fynt hoareka
De hoareka yn Smellingerlân is it net iens mei it foarstel fan de gemeente jongeren ûnder de 16 net mear ta te litten yn diskoteken. Smellingerlân hat dy maatregel opnaam yn it nije hoarekabelied, dat meikoarten troch de gemeenterie bepraat wurdt.
Doel is it drinken fan alkohol troch jongeren ûnder de 16 tsjin te gean. Neffens de hoareka kinne sy krekt in wichtige rol spylje yn it learen oan jongeren om mei alkohol om te gean.