Profronde ferhuzet nei maaie

25 okt 2007 - 11:45

De profronde fan Fryslân ferhuzet fan de simmer nei de maitiid. De organisaasje fan de ronde woe dat graach. En de ynternasjonale hurdfytsuny UCI hat dat fersyk no honorearre. De ronde wurdt yn 2008 riden op 14 maaie en net oan de ein fan juny, flak foar it NK, sa as oant no ta op de kalinder stie.

De organisaasje hopet troch de nije datum in sterker dielnimmersfjild oan te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)