Digitaal argyf oerbelêste

De LC argyf-site koe de drokte net oan
It digitale argyf fan de Ljouwerter Krante, dat woansdei iepene is, wie troch de grutte belangstelling in skoft net te besjen. Minsken dy't net op de side komme koene krigen it advys it op in oar tiidstip wer te besykjen.
It drokst wie it tusken 8 en 10 oere jûns, mei 8 tûzen unike besikers. Der binne woansdei 200.000 pagina's besjoen. It grutste part fan de ynternetters wiene Friezen, mar der wie ek besite út Kanada en Maleisië.