Remdemonstraasje yn Dokkum

De remdemonstraasje foar de learlingen fan it Dockinga Kolleezje
Op de Pier Prinslaan yn Dokkum is tongersdei de hiele dei in demonstraasje fan in remjende auto by ferskate snelheden. Dit is organisearre troch de Stichting Bevordering Verkeerseducatie.
De demonstraasje is foar learlingen fan it Dockinga Kolleezje sadat se sjen kinne hoe lang it duorret foardat in auto stilstiet. De demonstraasje moat ferkearsslachtoffers foarkomme.