Lykspul froulju Hearrenfean

25 okt 2007 - 10:12

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe woansdeitejûn knap mei 1-1 lykspile tsjin koprinner ADO Den Haach. De ploech fan trainer Harry Sinkgraven spile poerbêst yn de earste helte en kaam fia Nicole Delies op foarsprong. Koart nei it skoft makke de ploech út Den Haach al wer gelyk.

Nettsjinsteande it lykspul steane de froulju noch hieltyd lêste yn de kompetysje. Se ha no fjouwer punten út sân wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)