Breder ûndersyk nei fúzje

25 okt 2007 - 06:24

It kolleezje fan B&W fan de gemeente Achtkarspelen hat yn de gemeenteried gjin stipe krigen foar de plannen om ûndersyk te dwaan nei in fúzje mei Kollumerlân. De mearderheid fan de partijen wol dat der in folle breder ûndersyk dien wurdt. Dêrby moat ek sjoen wurde nei gearwurking mei Tytsjerksteradiel en Smellingerlân.

Ek wol de gemeenteried dat der sjoen wurdt nei de kânsen en bedrigings as der neat feroaret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)