Cum laude foar promovendus

24 okt 2007 - 21:59

De earste promovendus fan Ljouwert, dokter René Rozendal, is tongersdei cum laude ôfstudearre oan de Wageningen Universiteit. De promoasje fûn plak yn Ljouwert yn de Hegeskoalle Van Hall Larenstein, dat ûnderdiel is fan de universiteit.

Rozendal helle syn cum laude mei de ûntdekking oer hoe't de minsk wetterstof winne kin út ôffalwetter. Grutte multi-nasjonals lykas Shell ha belangstelling foar syn ûntdekking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)