Under de 16? Net nei de disko!

24 okt 2007 - 17:03

Diskoteken yn Drachten meie jongerein ûnder de 16 jier net mear talitte. Dat stiet yn it nije horekabelied fan de gemeente. De nije leeftydsgrins moat it alkoholgebrûk ûnder de jongerein tsjingean. Jongeren krije faak drank yn 'e disko, wylst dat offisjeel ferbean is. Bettere kontrôle helpt neffens boargemaster Middel net genôch.

Utbaters fan diskoteken moatte sels foarkomme dat jongerein ûnder de 16 jier noch de disko yn komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)