Oanhâldings foar bernehannel

24 okt 2007 - 16:08

De plysje hat woansdei yn Ljouwert twa minsken oanhâlden op fertinking fan hannel yn minderjierrige asylsikers út Nigeria. Meiïnoar binne der 20 minsken oanhâlden yn Amerika, Ingelân, België, Frankryk, Dútslân en Spanje. Yn Nederlân giet it om 13 fertochten.

Neffens justysje hat de organisaasje jierrenlang famkes fan Nigeria nei Europa brocht foar de prostitúsje. It ûndersyk nei de ferdwining fan de asylsikers begûn in jier lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)