Snits stranger mei ûntheffings

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits sil stranger wêze mei it jaan fan ferkearsûntheffings. Foar elk adres yn it fuotgongersgebiet kinne op syn meast twa fergunnings oanfrege wurde. Earder wiene dat der mear. Doel fan it nije belied is om der foar te soargjen dat fuotgongers yn de binnenstêd sa min mooglik lest hawwe fan parkearde auto's en buskes.
In oare nije regel is dat de befoarriedingstiden fan winkels wat feroare binne.