Gjin rjochtsaak Marrekrite

It iepenbier ministearje sil gjin rjochtsaak oanspanne tsjin de Marrekrite
It iepenbier ministearje sil gjin rjochtsaak oanspanne tsjin de Marrekrite. Neffens de offisier fan justysje hat it rekreaasjeskip net strafber hannele, doe't de Marrekrite in dekskip fuortslepe en ferneatigje liet. De Marrekrite die dit omdat it skip lange tiid op in oanlisplak lei dat bedoeld is foar wettersporters.
De eigner fan it skip reagearre net op in brief fan de Marrekrite, mar die letter wol oanjefte fan stellerij.