Skorsing fan acht wedstriden

24 okt 2007 - 11:52

De KNVB hat in spiler fan Stânfries út Appelskea in skorsing fan acht wedstriden oplein. De spiler hat him begjin oktober misdroegen tsjinoer skiedsrjochter Kuik út De Lieke. Dy die oanjefte by de plysje fanwege misledigjende útspraken. By de wedstriid waarden trije spilers fan it fjild stjoerd. De spiler dêr't it om giet winske Kuik doe 'de kanker' ta.

De man kin dizze wike noch tsjin de útspraak yn berop gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)