Jonge berôve fan mobyltsje

24 okt 2007 - 10:45

Yn Ljouwert is moandeitejûn in jonge fan 17 op strjitte oerfallen en bestellen fan syn mobile tillefoan. De jonge fytste yn de rjochting fan it Drachtsterplein, doe't twa jonges op in brommer him ynhellen. Se easken jild, mar de jonge gie der net op yn en fytste fierder.

By it Noardfliet kamen se him wer achterop. Under bedriging fan in mes waard syn mobile tillefoan ôfpakt. Dêrnei binne se útnaaid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)