Meiwurkster winkel mishannele

© Omrop Fryslân
Yn Easterwâlde is tiisdei in meiwurkster fan in winkel mishannele. Se woe in man en in frou net yn 'e winkel hawwe, omdat se earder betrape wiene op stellerij. De man pakte de winkelfrou doe by de kiel en wurke har nei de grûn. In foarbygonger hearde it helpgerop fan de frou en wist har los te krijen.
De man en frou binne útnaaid op in fyts. De plysje siket kontakt mei de man dy't de winkelmeiwurkster holp.