Farrûte Boalsert en Aldegea

23 okt 2007 - 23:13

Der moat in farrûte komme tusken Boalsert en de Aldegeaster Brekken. As it oan de gemeente Boalsert leit, wurdt der sa gau as mooglik mei begûn, mar wethâlder Brouwer fan Boalsert seit dat de gemeente Wymbritseradiel net meiwurket.

Neffens ûndersyk kin der in rûte komme oer Blauhûs of Westhim. Sadwaande komt der foar Boalsert in goeie ferbining mei de Fryske marren. De stêd Boalsert hat dêr ferlet fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)