Soarch oer lot Klaas-Jan Bolt

23 okt 2007 - 20:04

Nij útstel fan syn rjochtsaak driuwt de frachtweinsjauffeur Klaas-Jan Bolt fan Harns ta wanhoop. Bolt sit al mear as 2,5 jier fêst sit yn in Frânske sel.

Hy soe yn novimber foar de rjochter komme, mar syn saak is wer op de lange baan skood. Bolt wurdt fertocht fan drugssmokkel, mar seit dat er der troch syn eardere baas ynluisd is. Nei it útstel is Bolt der psychysk sa min oan ta dat syn advokaat nei Frankryk reizge is om him by te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)