Kramer wolkom by Dierepartij

23 okt 2007 - 15:15

Petra Kramer fan Drachten is tige wolkom as lid fan de Partij voor de Dieren. Dat seit frou Van Gelder fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân. Oft Petra Kramer fuortendaliks ek it earste gemeenteriedslid foar de Partij voor de Dieren wurde kin wol foarsitter Van Gelder earst noch oerlizze mei it lanlike bestjoer fan de Partij voor de Dieren.

Riedslid Kramer fan Smellingerlân is krekt út de SP stapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)