Petra Kramer stapt út de SP

23 okt 2007 - 14:00

SP-gemeenteriedslid Petra Kramer fan Smellingerlân is út de partij stapt. "Ik fyn dat se fan myn priveelibben ôfbliuwe moatte", seit Kramer. "As ik op stap wol, dan gean ik op stap", sei Kramer tiisdei.

Kramer fynt dat se it goed docht as riedslid. Se wol graach troch as riedslid foar de Partij voor de Dieren. "Ik haw se in e-mail stjoerd. As se me ha wolle, dan soe dat in primeur wêze foar dizze partij."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)